Flater by PC-kaartferkeap

08 jun 2011 - 14:31

Minsken dy't kaarten oanfrege hawwe foar de PC, hawwe in ferkearde mail krige. Dêr stiet yn dat se kaarten tawiisd krige hawwe, wylst dat yn in soad gefallen net sa is. De mail is ferstjoerd troch in flater yn it kompjûtersysteem. Dêrby binne ferkearde gegevens kombinearre. By it testen fan it systeem is dy flater net ûntdutsen.

De PC hat ûnderwilens in goede mail ferstjoerd. In soad minsken belje de PC-organisaasje oer de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)