Dief negearret winkelferbod

In 35-jierrige út Ljouwert is tiisdei oanhâlden om't er op 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert in winkel yngie dêr't er net yn mocht. Hy hie dêr in winkelferbod.
Meiwurkers fan de saak bellen de befeiliging. Doe't dy de man oanspruts, ûntstie in wrakseling. Mei help fan de plysje is de man dochs noch ynrekkene. De plysje fûn yn syn bûsen guod út de winkel. Op in bewakingskamera wie ek dúdlik te sjen dat de man oan it stellen wie. De man sit fêst op it plysjeburo.