Gizeling yn Gerkeskleaster

In ynwenner fan Gerkeskleaster hat sneontejûn in pear oeren gizele west. Twa manlju bellen by him oan, omdat se in man sochten dy't yn syn hûs wêze soe. Doe't dy net fûn waard, namen se de Gerkeskleaster mei yn in auto nei Lutjegast yn Grinslân. Neidat de twa dieders dêr de bewenners fan in oar hûs bedrige hiene, lieten se de man frij op in parkearterrein yn 'e buert fan dat hûs. In Noardburgumer en in Sweagerbosker binne oanhâlden foar de saak.