Friesland Bank lient foar MKB

08 jun 2011 - 10:00

De Friesland Bank lient 100 miljoen by de Europeeske Ynvestearringsbank. It jild is bedoeld om út te lienen oan lytse en middelgrutte bedriuwen yn Nederlân. Dy kinne liene tsjin geunstige betingsten. Sa jildt der ûnder oare in legere rinte. Mei de liening soene de bedriuwen groeie moatte.

De Rabobank en ABN Amro liene ek jild by de Europeeske Ynvestearringsbank. By dy beide banken giet it om bedraggen fan 150 miljoen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)