Nije cao foar NAM-personiel

07 jun 2011 - 22:15

Meiwurkers fan de Noordelijke Aardoliemaatschappij krije dit jier ien persint mear lean en oar jier twa persint mear. De fakbûnen en it bedriuw hawwe tiisdei in akkoart berikt oer in nije cao.

Deryn stiet ek dat der mear jild stutsen wurdt yn persoanlike ûntwikkeling en dat der nei stribbe wurdt om mear minsken út de Wajong-regeling oan te nimmen. De cao jildt foar 450 minsken, der wurkje yn totaal 1700 minsken by de NAM.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)