Ynspeksje gemaal Roptasyl

It gemaal by Roptasyl (foto: Omrop Fryslân)
By it Waadseegemaal Roptasyl binne de betonnen pipen ûnder de seedyk troch droechset foar ynspeksje. Minne plakken of skuorkes soenen liede kinne ta fuortspielen fan dyksân. Dat soe yn it stoarmseizoen grutte risiko's opsmite kinne. De betonnen kokers ûnder de dyk troch binne 120 meter lang.
De betonkokers fan it seegemaal by Swarte Haan wurde dizze wike ek ynspektearre. Eventuele reparaasjes wurde fan 't simmer útfierd.