Steateleden: gjin media Omrin

De ôffaloven yn Harns (foto: Omrop Fryslân)
Provinsjale steaten wolle net dat de media woansdei by de wurkbesite fan steateleden oan de ôffaloven yn Harns binne. Dat lit wurdfierder Terpstra fan Omrin witte.
Omrin woe de media ek útnoegje, mar benammen GrienLinks hie dêr muoite mei. It soe dan tefolle in reklamepraatsje wurde. Steatelid Maria de Vries fan de SP komt hielendal net. Se fynt dat steateleden harren troch de provinsje foarljochtsje litte moatte en net troch Omrin.