Skipper syldrama wurdt heard

Foto: Omrop Fryslân
De plysje en justysje sille de skipper fan de sylboat, dy't hast twa wike ferlyn op de Sleattemer Mar omsloech, as fertochte hearre. It giet om in 68-jierrige skipper út Doetinchem. By it ûngelok kaam in 24-jierrige studinte fan it ROC Rijn IJssel om it libben. Har lichem waard ferline wike tongersdei op Himmelfearstdei troch in wettersporter fûn. It Iepenbier Ministearje beslút nei it hearren oft de skipper strafber west hat en oft er ferfolge wurde sil.