Wetterproblemen noch net oer

07 jun 2011 - 14:35

De problemen mei de wetterlieding yn Sint Anne duorje noch wol de hiele dei. It is in drege put omdat der allegearre liedings om de stikkene wetterbuis hinne sitte.

Sawat 25 hûshaldens yn it doarp binne troffen troch de steuring. Dy ûntstie doe't by it heien foar in anty-ramkreakpeal by de Rabobank de wetterlieding rekke waard. Wetterbedriuw Vitens lit no út need de troffen bewenners tydlik wetter helje op in oar punt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)