Westra yn foarseleksje Tour

Lieuwe Westra
Lieuwe Westra fan De Tynje is troch Vacansoleil opnaam yn de foarseleksje dy't de Tour de France ride sil. De foarseleksje bestiet út trettjin man. Fan harren meie njoggen mei nei Frankryk. Yn dy earste seleksje sitte njonken Westra noch trije Nederlanners. Westra sit op dit stuit yn Frankryk dêr't er meidocht oan it Critérium du Dauphiné. Hjoed is de tredde etappe fan de Dauphiné. De Fries giet der sels fanút dat er wis de Tour de France ride sil.