Smite mei biertaap thús

In 21-jierrige man út Snits is moandei yn syn eigen wenplak oanhâlden om't er in saneamde 'beertender' nei in oare man smiten hat. Beide manlju wiene op in feestje yn de Jancko Douwamastrjitte. Doe't de oare man, in 60-jierrige Snitser, wat sei fan it gedrach fan de iene, begûn dy te driigjen. Hy smiet doe de thúsbiertaap nei him.
De plysje hat de smiter oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr sit er fêst.