Nije wethâlder Dongeradiel

07 jun 2011 - 08:37

Pytsje de Graaf út Ternaard folget Tytsy Willemsma op as wethâlder fan Dongeradiel. Dat hat it bestjoer fan de FNP, de partij fan beide froulju, besletten.

Tytsy Willemsma makke ferline wike bekend dat se ophâldt as wethâlder. Se wurdt yn Brussel lobbyist foar it SNN, it Samenwerkingsverband Noord Nederland. Pytsje de Graaf wurdt op 14 july ynstallearre as wethâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)