Leefberens doarpen belangryk

06 jun 2011 - 23:28

De leefberens fan de doarpen is in belangryk tema foar it takomstige provinsjale belied. Dat waard dúdlik op in byienkomst yn Weidum. De provinsje wol de kommende tiid mei ynspraakjûnen helder krije wer't op ynset wurde moat.

Ut in enkête ûnder sa'n 100 fertsjintwurdigers fan doarpsbelang, beliedsmakkers en minsken út it bedriuwslibben die bliken dat de krimp kwalik in tema is. De leefberens yn it lanlike gebiet is fan grutter belang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)