Jonge earn ringe
Yn nasjonaal park Lauwersmar moandei in jonge see-earn (arend) ringe. Ferline jier mislearre de briedpoging fan de earnen noch; mar dit jier liket it in stik better, want der is ien jong.
De boskwachters sjogge mei it ringjen ek foar it earst yn it nêst. Se hoopje dan ek antwurd te krijen op de fraach oft der miskien mear jongen west ha.