Proloog rêden fan fallisemint

06 jun 2011 - 16:27

Underwiisorganisaasje Proloog yn Ljouwert is foarearst rêden. De gemeente Ljouwert jout in kredyt fan maksimaal oardel miljoen euro. Proloog hie dêrom frege om't de organisaasje foar iepenbier ûnderwiis mei in miljoeneskuld sit. Sûnder help soe de organisaasje noch dizze simmer fallyt gean.

It kredyt sil brûkt wurde foar de útfiering fan in yngreven sanearringsplan. Sa'n 60 meiwurkers krije dien en sân skoallen moatte ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)