Bettere kontrôle boarterstunen

Argyffoto
Boarterstunen op It Bilt wurde tenei better kontrolearre. De gemeente hat dêroer ôfspraken makke mei Wonen Noordwest Friesland. De gemeente docht de ynspeksjes. As de boarterstastellen stikken gean, wurde dy troch de wenningstifting makke. Ien kear yn de trije jier komt der in ûnôfhinklike ynspekteur del.
De ôfrûne tiid binne de boarterstunen al opknapt troch de wenningstifting. Woansdei wurde de nije ôfspraken offisjeel ûndertekene.