Lankhorst nimt bedriuw oer

06 jun 2011 - 15:03

De Royal Lankhorst Group yn Snits hat in konkurrint yn Frankryk oernaam. It famyljebedriuw Le Drezen sit oan de Bretonske kust en makket al 80 jier netten en kabels foar de fiskerij. It bedriuw is merklieder yn Frankryk.

Lankhorst besocht al skoften om yn Frankryk foet oan de grûn te krijen. Mei de oername is dat slagge. By it Bretonske bedriuw wurkje 50 minsken. De jieromset is 10 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)