Undersyk nei dyk It Heidenskip

06 jun 2011 - 14:42

Wetterskip Fryslân docht ûndersyk nei in wetterkearing by It Heidenskip dy't oan de binnenkant wiet is. In foarbygonger belle it wetterskip mei de melding. Nei alle gedachten hat in muskusrôt by de wetterkearing oan it graven west. Der wurdt no sjoen hoe't it probleem oanpakt wurde kin.

Troch it droege waar hâldt it wetterskip de diken ekstra yn de gaten. Op it eilân De Burd by Grou en by Abbegea wurde parten fan de feandiken fersterke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)