Meiwurkers DE fiere aksje

06 jun 2011 - 14:04

De meiwurkers fan Douwe Egberts op De Jouwer fiere moandei yn de eigen frije tiid aksje tsjin de plannen fan memmebedriuw Sara Lee. Dy wol de CAO oanpasse wertroch de wurknimmers der flink op achterút gean. Sa soene ADV-dagen skrast wurde en krije de wurknimmers minder fakânsjedagen.

De meiwurkers binne it der fansels net mei iens. Mar stake sille se noch net. De fakbûnen hawwe keazen foar in freonlike aksje wêrby't allinnich yn de frije tiid aksjefierd wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)