Afgaanske studinte betocht

Wâldsein iwiede útfalsbasis foar de sykaksje (foto: Stjoerder.nl)
Op it ROC Rijn IJssel yn Arnhem is moandei stilstien by de ferdrinking fan de 24 jierrige studinte op de Sleattemer Mar. Ofrûne tongersdei waard de frou fûn. Se wie te wetter rekke doe't de sylboat - dêr't se mei noch 4 studinten en in begelieder ynsiet - mei min waar omsloech.
De studinte is fan Afgaanske komôf. Se wurdt ek yn Afganistan begroeven. Nei de begraffenis wurdt letter yn Arnhem ek noch in betinking hâlden. De frou hie gjin swimdiploma.