Feankade Grou ferstevige

06 jun 2011 - 10:30

Wetterskip Fryslân begjint moandei mei it ferstevigjen fan de feankade op De Burd by Grou. By in ynspeksje hat earder bliken dien dat in part fan de kade te lijen hân hat fan de droechte.

In leanbedriuw sil achter de kade klaaigrûn fuortgrave en hjirmei de kade breder meitsje. De ferwachting is dat it wurk in wike duorje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)