Keatsfinale Dronryp skrast

De frije formaasje keatspartij yn Dronryp fan snein is foar de finale fanwege in te wiet fjild skrast. Omdat it mar net droech waard, hat de skiedsrjochter de partij stillein. Al earder op 'e middei lei it spul stil fanwege tonger. De finale sil no tongersdeitejûn ferkeatst wurde.
De finale giet tusken de partoeren fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma tsjin Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.