Snits WS wis fan haadklasse

It is fuotbalklup Snits Wyt Swart snein slagge om har te hânhavenjen yn de sneins haadklasse. Der waard yn Hengelo mei 3-2 wûn fan Achilles '12. De earste wedstriid hiene de Snitsers mei 2-0 wûn. Snein wie it lang spannend, omdat Achilles '12 noch op in 2-1 foarsprong kaam.
Trainer Johan Groote seach Patrick Altenburg lyk meitsjen en Ramon Gíro Batalla de winst binne heljen. De earste treffer wie fan Elwin Kloosterman.