Promoasje foar DIO en Wolvegea

05 jun 2011 - 16:36

De sneinsamateurklups Wolvegea en DIO út Easterwâlde spylje takom seizoen yn de earste klasse. Beide ploegen spilen dit seizoen yn de twadde klasse. Wolvegea wûn snein mei 3-1 fan LSC 1890 en dat wie nei de eardere 5-2 oerwinning genôch foar promoasje. DIO Easterwâlde spile mei 0-0 lyk tsjin SVBO, mar wûn tongersdei al mei 2-0.

It Grinzer Velocitas pakte de titel yn dizze twadde klasse en promoveare sadwaande al direkt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)