Soad folk op City Jam Ljouwert

05 jun 2011 - 15:31
Sjongeres Lilian Hak yn aksje op it Ljouwerter City Jam Jazzfestival

Op it earste Ljouwerter City Jam festival kamen sneon sa'n 3000 minksen ôf. Op twa podia op it Gouveneursplein waarden ferskate jazz-optredens jûn, wêrnei't de festiviteiten trochgiene yn tsien kroegen yn de binnenstêd fan ljouwert. De organisaasje is goed te sprekken oer de opkomst en wol dêrom besykje fan it festival in jierliks weromkommend evenemint te meitsjen.

Wol soene der neffens de organisaasje dan mear optredens en mear poadia by komme moatte.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)