Bus skept fytser by Frjentsjer

05 jun 2011 - 14:03

In fytser is sneintemiddei ferwûne rekke nei in botsing mei in bus by Frjentsjer. By it ûngelok op de Ljouwerterwei yn Frjentsjer waard de fytser skept troch in bus. De bussjauffeur besocht noch de man te ûntwiken en kaam hjirtroch dwers op de dyk te stean. It is noch in riedsel wêrom't de man op de dyk fytste, want njonken de dyk rint in parallelwei.

De fytser is ferwûne oerbrocht nei it sikehûs. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)