Boalserter mei boksbeugel pakt

05 jun 2011 - 12:54

De plysje hat sneontenacht yn Boalsert in Boalserter (21) oppakt fanwege ferbean wapenbesit. De man makke diel út fan in trijetal manlu dy't op in skoalplein oan de Halbertsmastraat omhongen. Omdat dat ferbean is, waarden de trije troch de plysje fan it plein stjoerd. Dêrby liet de Boalserter in boksbeugel falle.

Omdat dat in ferbean wapen is waard de man meinaam nei it buro. Dêrby die bliken dat er ek drugs by him hie. Hy is foar fierder ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)