Nije studio yn De Westereen

05 jun 2011 - 11:43

Lokale omrop RTV Noordoost-Friesland hat dit wykein syn nije studio yn gebrûk naam. Dy sit yn it sintrum fan De Westereen oan de Ferlinge Stasjonsstrjitte. It gebou is de ôfrûne moannen troch frijwilligers ynrjochte.

De omrop hat mei it eigen gebou in promininter plak krigen. De eardere lokaasje oan de Stasjonswei yn Dokkum moast dield wurde mei oare organisaasjes. It nije ûnderkommen wurdt yn septimber offisjeel iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)