Afgaanske op skoalle betocht

05 jun 2011 - 09:41

De skoalle fan de Afgaanske studinte dy't ferline wike ferdronk yn de Sleattemer Mar stiet moandei stil by har dea. De frou (24) sloech 26 maaie yn min waar fan in sylboat. Har lichem waard ôfrûne tongersdei fûn.

De frou sil yn Afganistan te hôf brocht wurde. Har lichem is al frijjûn troch de plysje en wurdt sa gau as mooglik nei har heitelân brocht. De fjouwer stúdzjegenoaten dy't rêden waarden meitsje it nei omstannichheden goed, meldt Omrop Gelderlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)