Brân yn kas Drachten

05 jun 2011 - 08:05
(Foto: Tino Broekstra, HVNieuws)

De brânwacht hat sneon in pear oeren nedich hân om in brân yn in leechsteande kas yn Drachten te blussen. De brân oan De Warren begûn troch noch ûnbekende oarsaak om in oere as healwei fiven. Fanwege de omfang fan it fjoer sette de brânwacht meardere korpsen yn.

De kas, dy't diel útmakke fan in eardere kwekerij, is by de brân ferlern gien. Omlizzende gebouwen koene behâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)