Janna Eijer wint Liet 2011

05 jun 2011 - 00:23

Janna Eijer út Jobbegea hat sneontejûn de tweintichste edysje fan Liet wûn. Se die dat mei it selsskreaune nûmer '1 Klap', dat se brocht mei eigen pianobegelieding. Janna krige fan de sjuery fjouwer punten mear as nûmer twa Lammertjan & Jelte. De publykspriis gie nei popkoar 'FromUs' út Dronryp mei 'Net genôch'.

Fanwege it jubileum waard Liet yn de bûtenloft hâlden, op de Ljouwerter kenniskampus. Janna mei fanwege har winst nei Liet Ynternasjonaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)