Kamminga keninginne fan NK

Argyffoto: KNSB
Manon Kamminga fan Haulerwyk is de keninginne op it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen yn Heerde. Nei gouden plakken op de de 300 meter, de ôffalkoers en de 1000 meter pakte de 19-jierrige sneon ek goud mei de winst op de 500 meter. Sulver en brûns wiene der foar Bianca Roosenboom en Marieke van Hoek.
Yn de finale fleach de âld-Haulster Elma de Vries út de bocht. Yn de einsprint wie Kamminga superieur.