LTO: problemen plan Atsma

04 jun 2011 - 16:06

It plan om griente oer it lân út te riden jout tefolle problemen. Dat seit lânbou-organisaasje LTO. Wêr moat de griente útriden wurde? Boppedat sitte der neffens LTO tefolle risiko's oan it plan, omdat de grienten rotsje. Boeren en túnkers sitte mei grutte partijen griente dy't se net kwyt kinne troch de Ehec-baktearje. Steatssekretaris Atsma hat in berop dien op 'e provinsje om túnkers en boeren fergunnings te jaan sadat se harren griente op it lân stoarte kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)