Man oanriden troch trein

04 jun 2011 - 15:28

In noch ûnbekende man is sneontemiddei yn De Westereen oanriden troch in trein. De man soe op de oergong yn de Noarder-Stasjonsstjitte ûnder de spoarbomen trochgien wêze. Doe't de masinist hurd toetere probearre de man te ûntkommen, mar hy waard noch krekt rekke troch de trein. De man waard in ein fuortslingere.

Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it MCL yn Ljouwert brocht. Foar de trije tsjûgen is slachtofferhelp ynskeakele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)