80 útfallers alvestêdekuier

04 jun 2011 - 14:50

Sa'n 80 dielnimmers oan de kuieralvestêdetocht hawwe de einstreek net helle. It wie dit jier foar de 65e kear dat de tocht hâlden waard. Der diene sa'n 1300 kuierders oan mei. Sneon wie it lêste trajekt oer 27 km fan Dokkum nei Ljouwert. De fjouwer dagen dêrfoar moast alle dagen sa'n 45 oant 50 kilometer ôflein wurde. Neffens de organisaasje wie it net in drege tocht, al hiene guon dielnimmers betiden muoite om 'e yn hurde wyn op te kommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)