Lilkens oer hurdride

De plysje fan It Hearrenfean hat freedtenacht in 19-jierrige frou út Rotsterhaule en in 36-jierrige bewenner fan de Kolkleane yn It Fean oanhâlden. De frou ried neffens de man fierstente hurd troch de strjitte. Hy moast oan de kant springe om de auto te ûntwiken. Ut lilkens sloech de man in rút stikken.
It wie neffens him net de earste kear dat de frou te hurd troch de strjitte ried. Beide ha oanjefte dien. It rydbewiis fan de frou is ynnommen.