Medyske soarch op 'e skeppe

04 jun 2011 - 14:19

De medyske soarch yn Fryslân giet op 'e skeppe. Sa sille tenei yngewikkelde yngrepen net mear yn alle sikehuzen útfierd wurde. Soarchfersekerder De Friesland is yn 'e mande mei de fiif sikehuzen yn ús provinsje dwaande in nije opset fan de medyske soarch te meitsjen.

Swangere froulju soenen dan net mear yn alle sikehuzen telâne kinne foar in befalling. Doel fan de operaasje is in ferheging fan de kwaliteit fan de medyske soarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)