Willerider oanholden yn Dokkum

04 jun 2011 - 14:11

In 40-jierrige willerider út Dokkum is freedtenacht yn syn wenplak oanhâlden. Tsjûgen melden by de plysje dat der in auto by in talúd nei ûnderen riden wie en op it Noarderbolwurk stie. Doe't de plysje te plak kaam, lei de auto yn it wetter.

De plysje koe it spoar fan de bestjoerder folgje nei it hûs fan syn 51-jierrige freondinne yn de buert. Neffens de frou hie sy gjin tastimming jûn foar it brûken fan de auto en dêrom die se oanjefte fan stellerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)