Steuring by de REC yn Harns

03 jun 2011 - 14:14

Der is op dit stuit in steuring yn it bestjoeringssysteem fan de REC yn Harns. In wurdfierder fan Omrin meldt dat fanwege dy steuring besletten is om ôf te stoken. Dêrnei is de ôffaloven stilset. Omwenners hawwe in swarte reekplom sjoen.

Sa gau't de sintrale wer opstart wurdt, sil Omrin dat op syn site meidiele. Leveransier Siemens is dwaande de steuring te ferhelpen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)