Takomst HT-race ûnder druk

03 jun 2011 - 12:30

De takomst fan de HT-sloeperace stiet ûnder druk. Rykswettersteat mei takom jier net langer meiwurkje oan de race fanwege ryksbesunigings. Al jierren sponsoret RWS de race troch twa folchskippen beskikber te stellen.

Freed binne 128 sloepen begûn oan de 37ste edysje fan de HT-sloeperace. De dielnimmers roeie fan Harns nei Skylge en hawwe diskear te krijen mei in stevige noardeastewyn. De wedstrydorganisaasje ferwachtet lykwols gjin grutte problemen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)