Drachtster fernielt sket
De plysje hat in ynwenner fan Drachten oppakt fanwege fernieling en bedriging. De man soe tongersdeitenacht in part fan it sket fan syn buorman fernield ha. Doe't dy dêr wat fan sei, waard er tegearre mei syn frou troch de Drachtster bedrige mei in izeren staaf.
De fertochte is troch de plysje meinaam nei it buro en dêr fêstset.