Mannen pakt foar mishanneling

De plysje hat tongersdeitenacht yn Oerterp twa ynwenners fan dat plak oppakt. De twa soene in ynwenner fan Drachten en ien fan De Tike mishannele hawwe, nei ôfrin fan it Oerrock-festival.
De mishannele twa, manlju fan 27, moasten foar behanneling nei it sikehûs brocht wurde. Doe't de plysje oankaam wie de mishanneling noch oan de gong. De twa fertochten binne meinaam nei it buro.