Mei 122 km troch Hearrenfean
De plysje hat op de Stadionweg op It Hearrenfean it rydbewiis fan in 22-jierrige automobilist út Steggerda ynnaam. De man waard trappearre mei in snelheid fan 122 kilometer op 'e teller, wylst op de dyk mar 50 kilometer yn de oere riden wurde mei.
Neist dat syn rydbewiis ynnaam is, hat de man ek in proses-ferbaal krigen.