Vosselman nei Cambuur

03 jun 2011 - 09:35

Jonathan Vosselman spilet de kommende twa jier bij SC Cambuur. De 26-jierrige linksback komt oer fan Go Ahead Eagles. Robbert te Loeke en Marco Bizot moatte it kommende seizoen bepale wa't de earste doelman wurdt. Bizot wurdt hierd fan Jong Ajax. Defintyf is it noch net, want Bizot hat noch in petear mei Ajax.

Martijn van der Laan tekene earder in kontrakt by Go Ahead Eagles, mar is dochs fan gedachten feroare en spilet de kommende twa jier foar Cambuur.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)