Motortocht nei Yndonezië

Dirk Dijkstra is der klear foar (foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân)
Dirk en Jane Dijkstra út Ljouwert sette snein ôf foar in reis nei Yndonezië dy't oars is as oars. Mei de reis helje se jild op foar in goed doel yn dat lân. Mar de manier fan reizgjen is ek spesjaal, want se ride der hielendal op Harley Davidsons hinne. De iene motor is fan 1942 en de oare út it jier 1968.
Dirk Dijkstra is seis jier ferlyn ek al ris op 'e motor nei Peking riden. De reis moat jild opsmite foar in bernetehûs yn Yndonezië.