Skûtsjesilen op Lemmer Ahoy

02 jun 2011 - 16:20

Mei Lemmer Ahoy is it skûtsjesilen foar dit jier wer los gien. Op 'e Iselmar wurdt trije dagen lang syld, om te begjinnen op Himelfeartsdei. Skippers fan de besletten Sintrale Kommisje Skûtsjesilen en fan it iepen kampioenskip dogge mei oan de match.

Op Himelfeartsdei stie der suver gjin wyn, mar de sinne makke it foar taskôgers wol noflik. Fan it Lemster strân ôf is de wedstriid goed te folgjen. Sneon is de lêste dei fan it kampioenskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)