Nij drankkonvenant Dantumadiel

Foto: Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel en sportferienings hawwe nije ôfspraken ûndertekene oer alkohol yn kantines en op sportfjilden. De minsken achter de bar moatte in kursus folgje, betelle troch de gemeente. Se meie jeugd ûnder de 16 jier gjin alkohol skinke. De gemeente jout jild oan ferienings dy't de saken goed foarinoar hawwe.
De ôfspraken binne ûnderdiel fan de totale nije oanpak yn Noardeast-Fryslân. Dy jildt ek foar drankketen en hoareka.