Fjirtich bernepornosaken

Resjersjeur Bosma oan it wurk
De twa resinte gefallen fan berneporno op skoallen op It Hearrenfean en yn Twizel binne it topke fan de iisberch. De Plysje Fryslân ûndersiket op 't heden net minder as fjirtich bernepornosaken. De lêste moanne binne der in soad saken bykaam. In grut diel fan de foto's en films dêrfan komt fan sekstoeristen út Azië en Afrika. Op 'e bylden is opfallend faak grof seksueel geweld te sjen.
De plysje bringt eins nea bernepornosaken yn de publisiteit.