Lichem yn Sleattemer Mar fûn

02 jun 2011 - 14:19

In wettersporter hat tongersdeitemoarn in stoflik omskot fûn op de Sleattemer Mar. Dat wie net fier fan it strantsje by Sleat. It lichem is troch de helptsjinsten út it wetter helle.

Sûnt in wike wurdt op 'e mar socht nei in fermiste frou fan 24 jier út Arnhem. De sylboat dêr't sy op siet mei fjouwer stúzjegenoaten en in skipper sloech om by hurde wyn. De hiele wike is socht op 'e mar. De identiteit fan de persoan dy't no fûn is, is noch net fêststeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)