Famke slein: brutsen eachkas

02 jun 2011 - 12:28

In famke fan 18 jier is yn in kafee yn Drachten sa slim mishannele dat se in brutsen eachkas oprûn. Se krige hurde klappen fan in man yn it kafee op de Noardkade. De fertochte is útnaaid. De plysje hat him noch net fûn.

It famke is yn it sikehûs holpen oan har ferwûning. Se hat oanjefte dien fan slimme mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)